12 juny 2014

Tariedingen iepening Oerol

Op festivalterrein De Betonning op West wurdt al drok wurke foar de iepening fan Oerol 2014. De akteurs en it koar komme freed nei it eilân. Tryater iepenet op útnoeging fan Oerol it festival mei de earste akte út De IIsfoarstin, freed 13 juny om 16:00 oere. De iepening is tagonklik mei in Oerol polsbandsje. Oant freed?

Smakket de earste akte nei mear? Tryater spilet fanwege sukses twa ekstra foarstellingen fan De IIsfoarstin, op 20 en 21 juny yn Ljouwert. Klik hjir foar kaarten of belje mei 058-2539550.