iisfoarstin.nl

youtube
DE IJSVORSTIN

DE IISFOARSTIN

HERTFERWAARMJENDE STRJITOPERA

13 MAAIE O/M 21 JUNY ‘14 | SINTRUM LJOUWERT

De IJsvorstin

Nijs

  1. Alles wie sa moai! Wat ha we genoaten fan De IIsfoarstin. Tige tank oan al it publyk, de belutsenen en de meiwurkers. Graach oant sjen by Tryater!

  2. Der binne noch kaarten foar de suksesfoarstellingen op 20 en 21 juny. Dit binne de lêste foarstellingen fan De IIsfoarstin...

  3. Terschellingfilm.nl filme by de iepening fan Oerol 2014.

    4000 man publyk, akteurs en koar út 'e skroeven, fantastyske sfear, prachtige loften en in temperatuur om te ranen.

mear nijs
De IJsvorstin

Cast

Albert Bonnema

buorman

Ynternasjonaal ferneamd tenor, dy’t û.o. song by De Nederlandse Opera, yn ferskillende Wagner- en Haydn-produksjes en op ynternasjonale festivals. De lêste jierren is Albert Bonnema ek wurksum as sjonglearaar en muzykprodusint.

Janneke Schaareman

IIsfoarstin

Solearret sûnt har konservatoariumtiid yn Arnhem yn ferskate opera’s. De mezzo-sopraan is sûnt 2013 ferbûn oan Opera Zuid en debutearre dêr dit seizoen suksesfol as Carmen. Janneke is dêrneist as sjongeres ferbûn oan Duo Ondine en it Codigo Trio.

Wiebke Göetjes

beppe/blommefrou

Sopraan mei in ymposante steat fan tsjinst. Se song yn in soad ynternasjonale operaproduksjes, fan ûnder oaren Mozart, Puccini, Verdi en Wagner. Wiebke stiet gauris yn it Concertgebouw Amsterdam en is dêrneist sjonglearares en –coach.

Brecht Wassenaar

Gerda

Folge de oplieding Docent Drama, siet by de earste lichting Jong Tryater en spile û.o. yn Tomke siket om ‘e kluts en MOOF fan Tryater en yn lokaasjefoarstelling Pake Sytse. Brecht is dêrneist teaterdosint, regisseur en presintator.

Lourens van den Akker

Kay/prins

Eartiids al aktyf by Meeuw/Jeugdtheaterschool en sûnt syn ôfstudearjen oan de Toneelacademie fan Maastricht by Tryater (û.o. yn Drang en Heimwee nei Hurdegaryp). Ek bekend fan de film De hel fan ’63 en de tv-searjes Dankert & Dankert en De Keet.

Arnold Dijkstra

ferteller Raaf

Ien fan de fêste gesichten fan Tryater mei rollen yn ûnder mear 11Stêdetocht, Macbeth, Fan de stêd en it libben, It geheim fan ‘e Kânselier en Omke Wanja. Dêrneist is Arnold syn stim bekend fan Omrop Fryslân.

Henk Zwart

rindier/wachter

Bekend as oprjochter/spiler fan teatergroep Suver Nuver, dat 21 jier fysike en humoristyske stikken makke. De bariton wurke de lêste jierren û.o. as spiler yn Silo8 fan Vis à Vis, as sjonger fan (nei it Frysk oersette) Schubertlieten en as regisseur.

Eva Meijering

rôversdochter

Ferbûn oan it teaterkollektyf Moeremans&Sons. Gie fia de Jeugddansopleiding Friesland en Meeuw/Jeugdtheaterschool nei de Toneelschool yn Arnhem. Spile yn Blackbird fan Meeuw/JTS, Bloedmooi en zielsongelukkig fan Artemis en har eigen Technokrets.

Elizabeth Kooy

prinsesse/roas

Folge foar har stúdzjetiid in Grins (Godstsjinstwittenskippen en konservatorium) teaterlessen by Meeuw/Jeugdtheaterschool. Elizabeth song as sopraan yn ferskillende koaren en wie as soliste te hearren yn û.o. Magnificat fan Vivaldi en de Mis in C fan Schubert.

Ira Judkovskaja

Regy

Artistyk lieder fan Tryater. Ira studearre yn 1999 ôf oan de regyoplieding fan de Amsterdamse Theaterschool. Se regissearre û.o. Macbeth, Omke Wanja, Fan de stêd en it libben, Gleone Gloede en de 11Stêdetocht.

Tjalling Wijnstra

Dirigint

Studearre oan conservatoria yn Grins, Kopenhagen en Amsterdam. Wie as kapelmeester en koarlieder ferbûn oan Opera Zuid en dirigearre Don Giovanni, De Parelvissers, Carmen, Die Lustige Witwe, Il Barbiere di Siviglia, Mavra en Der Rosenkavalier. Hy is artistyk lieder fan it troch him oprjochte Opera Company Noord.

Peter van de Witte

Libretto

Studearre oan de Nederlandse Film & Televisieacademie, mar stapte oer nei de Academie voor Kleinkunst. Sûnt 1999 foarmet hy mei Bas Hoeflaak it kabaretduo Droog Brood. Dêrneist skriuwt hy toaniel- en lietteksten en muzyk foar teater-, film- en televyzje produksjes.

Peter Sijbenga

Muzyk & oersetting

Komponist en multi-instrumentalist. Fan midden jierren njoggentich ôf makket hy de muzyk foar teaterproduksjes fan Tryater sa as Kening Lear, Hamlet, Pak 'm Stanzi en 11stêdetocht.

Jan Ros

Foarmjouwing

studearre oan de Akademie voor Beeldende Kunsten yn Utrecht en Theatervormgeving oan de Rietveld Akademie, dêr’t hy in 1991 ôfstudearre. Sûnt dy tiid wurket hy as freelancer. Jan Ros jildt as fêste foarmjouwer foar de projekten fan regisseur Jos van Kan. By Tryater makke hy it ûntwerp foar Down South en De Presidintes.

Linda Eijssen

Kostúmûntwerp

studearre oan de Academie Beeldende Kunst Maastricht. Linda makke ûntwerpen foar û.o. Oostpool, d’ Electrique, Toneelschuur Haarlem. Foar Tryater ûntwurp Linda kostúms foar Omke Wanja en In moaie jûn.

Remko Smids

Lûdsûntwerp

is lûdsûntwerper en videotechnikus. Hy hat MTS-besturingstechniek studearre, en is troch syn hobby (lûdstechnyk by it Iepenloftspul fan Jorwert) de teaterwrâld rôle. ‘It Pronkje fan Ierlân’ wie syn earste produksje by Tryater. Hy makke yn de jierren útstapkes nei it Ro-theater en De Utrechtse Spelen.Tsjintwurdich wurket Remko ek foar û.o. Tet Rozendal en Bram de Goeij.

Koos de Vries

Ljochtûntwerp

wie as beljochter mear as 12 jier ferbûn oan Tryater, dêr’t hy belutsen wie by û.o. Peer Gynt, Orfeo Aqua, Kening Lear, Gleone Gloede en de 11Stêdetocht. Ljochtûntwerpen makke hy û.o. foar Het feest van Karel Ketelaar dat Tryater y.g.m. it NNO makke, Macbeth, Master & Margarita’ (Oerol), Bohemia (iepenloftspul Jorwert) en Zelle fan Freark Smink.

Tatiana Pratley

Regy-assistint

regissearre Heimwee nei Hurdegaryp (Oerolhit 2013). Tatiana studearre oan de Amsterdamse theaterschool. Har staazje die sy by Toneelgroep Amsterdam (regie Ivo van Hove) en de Münchner Kammerspiele (regie Johan Simons). Yn 2012 wie sy klear mei har stúdzje. Yn it kommende seizoen sil sy Rooftop Memories regisearje, in lunchfoarstelling, skreaun troch Eelco Venema.

Inés Sauer

Dramaturgy

studearre Theaterwetenschap (UvA) en wie klear yn 1996. Se wurke dêrnei as free-lance dramaturge by ferkate selskippen en produksjehuzen. Se studearre fierder oan de post-academyske oplieding DasArts en makke ferfolgens in tal eigen foarstellingen. Yn de ôfrûne jierren wurke Inés benammen as dramaturch, û.o. mei Ira Judkovskaja.

Artistiek lieder, konsept en regy
Ira Judkovskaja
Dirigint
Tjalling Wijnstra
Libretto
Peter van de Witte
Muzyk en oersetting
Peter Sijbenga
Nei it mearke Sneedronningen fan
Hans Christian Andersen
Solisten
Albert Bonnema (tenor) Wiebkje Göetjes (sopraan) Janneke Schaareman (mezzo-sopraan) Henk Zwart (bariton) Elizabeth Kooy (sopraan)
Acteurs
Brecht Wassenaar, Lourens van den Akker, Arnold Dijkstra, Eva Meijering
Dramaturgy
Inés Sauer
Foarmjouwing
Jan Ros
Kostúmûntwerp
Linda Eijssen
Kap en grime
Sara Meerman
Ljochtûntwerp
Koos de Vries
Lûdsûntwerp
Remko Smids
Regyassistint
Tatiana Pratley
Haad produksje en technyk
Ekko de Bakker
Produksje
Jojanneke Braam
Assistint produksje
Amarins Jansma, Roann Postma
Locatiehoofden
Aart Laferte, Gerard Jorna en Ben Vrielink
Technyk en dekôr
Gido Bamboe, Jan Bruinsma, Johan Hockelmann, Sigrid Jonker, Satu Leskinen, Klaas Ploegh, Bart Schurer, Remko Smids, Pieter-Jilles Tjoelker, Koos de Vries, Sander van der Werff, Onno Drijfhout, Annemarie Haven, Anne Jorna, Erik-Jan Molenaar, Niels Bijlsma
Fergunningen en rûte-koördinaasje
Regelpunt: Margret Havinga, Johan de Vries, Bogdan Vervloet
Feiligens
Traffic Control Fryslân verkeersbegeleiding en EHBO, The Security Company, Reddingsbrigade Leeuwarden
Kostúmútfiering
Dianne Bonnema
Naaisters
Jikke van den Berg, Hessie Rozenberg, Joukje Bosch, Wieke Brandenburgh, Alida Chaker, Ilse Daenen, Zulaa Dolgor, Ellen Feijen, Antje Geertsma, Paula Keuning, Leonie Looyenga, Monika Mulder, Maaike Oostra, Gerad van Pelt, Caroline Sandberg, Lies Sierksma, Rina Sijtsma, Gerry Smids, Willy Trouerbach
Saaklik lieder
Siart Smit
Haad kommunikaasje
An de Wrede
Haad edukaasje
Anne Graswinckel
Financial controller
Klaas Scheffer
Fondswerving
Elise van Heck
Koördinaasje kaartferkeap
Rixt Bottema
Kampanjelieding lanlik
Berber van Oyen
Publisiteit
Grietje Deinum
Assistint publisiteit
Remco Koornstra, Tialda de Vries, Nigel Groenewoud
Meiwurker jeugd en jongeren
Jeffrey Deelman
Assistint edukaasje
Evelien Durkstra
Grafysk foarmjouwer
Jelle F. Post
Webbouwer
Dapper: Domenique van der Niet, Rutger ten Brink
Fotografy kampanjebyld
Henk Bleeker
Trailer
Ismaël Lotz, Frans Tigchelaar, Wybo Smids
Fotografy/filmpkes
Moon Saris en René den Engelsman, Ruben van Vliet
Kap en grime kampanjebyld en trailer
Arjen van der Grijn
Styling kampanjebyld en trailer
Saskia Wagenvoort
Oersetter-korrektor
Marijke de Boer
Foarmjouwing etalaazjes
Wolly Prins, Henk van der Kooi, Etalageteam vrijwilligerssteunpunt Leeuwarden
Catering
OlijfENzo
Office manager
Tineke Fopma
Saaklik meiwurker
Jelly Steenstra
Finansjele administraasje
Johan van den Berg, Sipke de Vries
Koördinaasje frijwilligers
Hilly Kronemeijer
Behear gebou
Sjaak Langhout, Roelof van der Bij
Mei tank oan
Nynke Laverman, Bussel Engineering, Knol Akkrum, Dominicustsjerk, Fries Museum, Stadsschouwburg De Harmonie
Koar

Jannie Abbink, Krijn van Alten, Fokje ten Berge-Knulst, Addie Birkhoff, Maaike de Boer, Hetty Boonstra, Kees Boomsma, Nienke Boomstra, Oene Bijker, Marga Breebaart, Netty Gorter, Gjalt Gjaltema, Janneke Grasmeijer, Jaap de Haan, Jessica de Haan, Geertje de Haan-Westra, Baukje Hellema, Jaap Jan Hemmes, Stijntje Hiemstra, Marjan Holtrop, Elly Hut, Anna de Jong, Bonnie de Jong, Nynke de Jong, Sietze de Jong, Petra Kooistra, René Klaassen, Ellen Koning, Ton Kraakman, Bodes Kroes, Gerard van der Laan, Luch Leeffers, Feike van der Leij, Wouter de Man, Greetje Marinus, Karla Marinus, Wim van der Meer, Adry Meerema, Hanna Meester, Oane Peenstra, Hinke Pettinga-Grovenstein, Willeke Philips, Laura van der Ploeg, Bas van Reeuwijk, Anke van der Schaaf, Hinke van der Schaaf, Gisela Schadenberg, Alie Scholten, Klaas Schoppert, Tineke Sijtsma, Jannie Soepboer, Jelle Spits, Yneke Spits, Els Tempelmann, Tekla Toussaint, Anneke Tulp, Roos van der Velde, Gerard Veldman, Rigt Visbeek, Anita Vogel, Djoke de Vries, Froukje de Vries, Nienke de Vries, Koas van der Wal, Wouter van der Wal, Bea Walma, Renny Westerhof, Klaske Westra, Jelma Wiegersma, Willy van de Wouw

Frijwilligers

André Adema, Anna Marie Adema, Hylke Anema, Michiel Anema, Judith van den Berg, Lenny Blakmoor, Tineke Bleeker, Tini Boelen, Ineke de Boer, Neeltje Bonnema, Joukje Bosch, Wilma Boss, Yt Bouma, Marga Breebaart, Frederika Daenen, Epko Dalstra, Eef Dijkstra, Siebolt Dijkstra, Johny van Es, Els Fongers, Roelie Greidanus-Anema, Tity Greydanus, Annemarije de Groot, Marjan Groen, Geertje Heeg, Harold Hesselink, Dora Hettinga, Janne Heida, Jetse Hoen, Tiete Hoepman, Tjits Hoitsma, Janny Willeke Holtrop, Wouter Hylkema, Reina Hoornstra, Alied Huisinga, Aleida de Jong, Metje Jorna-de Kroon, Hinke Jorritsma, Sjouke Pieter Jorritsma, Tytsje Julianus, Syb ten Kate, Wouter Kerkmeester, Willem Klat, Daniëlle Koerhuis, Eline Kuper, Afke Lemstra, Julia van Loon, Rob Lorier, Tryntsje van der Meer, Akke Miedema-Tjallema, Ada Middelweerd, Oekie van der Molen, Tsjikke Mous-Feenstra, Annamarie Mulder, Albertje Overwijk, Berend Overwijk, Ton de Pee, Tsjikke Plantenga, Geertje Postma, Kaily Schaafsma, Marga Schaper, Ellen Seerden, Manon Schievink, Jacqueline Schippers-ter Wee, Yneke Spits, Jaap Stienstra, Ronnie Titalepta, Jan Alle Tjallema, Bart van der Tol, Truus Tritten, Martsje Valk, Durk van der Veen, Alie van der Velde, Elrike Veninga, Baukje Vis, Sandra Visser, Aafke Vogel, Henk Vonk, Anneke de Vries, Sijtse de Vries, Watze de Vries, Anneke van der Wal, Joke Wierstra, Susan Wijbenga

Haaksters

Tara Andringa, Anja van Asselt, Sjoukje Bijlsma, Janny Bottema, Hilly Bouma, Betty Boymans, Breicafé De Steek Hurdegaryp, Ans Christiaanse, Jetske Cnossen, Folkje Deelman, D. Dijkman, Gryt Douma, Tine M.Douma-Foppema, Anoesjka Duinstra, Ida Feenstra, Margje van Gelder, Henrike Gootjes, Janneke Grasmeijer, Hillie Haringsma, Afke Heida, Janny Herder-Smits, Lita Hoogterp, Geartsje Janssen, Metje Jorna-de Kroon, Sytske Kalsbeek, Adriana Kaspers, Susan ten Kate-Brattinga, Hanneke Knossen, Corjanna Koopman-de Weert, Pytsje Kuiken, Cisca Leiker, Gera Loonstra, Ary Meintema-Jeltema, Tine Osinga, Evelien Oudenampsen, Tjitske Pol, Aukje Postma-van Zanten, Nelleke Soejoko, Antsje Span-van Dijk, Gerda Stap-Walburg, Doetie Steensma, Boukje Tulner-Herrema, Riny van de Witte-Nicolai, Tjitske van der Meulen-Tigchelaar, Alie van der Velde, Sandra Visser, Hendrike Visser-Brouwer, Hilda Visser-Koenders, Anneke de Vries-van Schepen, Jacqueline Schippers-ter Wee, An Wiebenga, Anna-Marie Wijnia-Kuindersma, Sjoerdtje Zoer-Felkers

De IJsvorstin

Koar

De njoggen sjongers en akteurs ha in 80-koppich koar en stedslûden as orkest!

Gelegenheidskoar fan 80 sjongers

Jannie Abbink

Oene Bijker

Addie  Birkhoff

Kees Boomsma

Nienke Boomstra

Hetty Boonstra

Marga Breebaart

Maaike  de Boer

Jessica de Haan

Jaap de Haan

Geertje de Haan- Westra

Anna de Jong

Bonnie de Jong

Nynke de Jong

Sietze de Jong

Wouter de Man

Froukje de Vries

Djoke de Vries

Nienke de Vries

Gjalt Gjaltema

Netty Gorter

Janneke Grasmeijer

Baukje Hellema

Jaap Jan Hemmes

Stijntje Hiemstra

Marjan Holtrop

Elly Hut

René Klaassen

Ellen Koning

Petra Kooistra

Ton Kraakman

Bodes Kroes

Luch Leeffers

Greetje Marinus

Karla Marinus

Adry Meerema

Hanna Meester

Oane Peenstra

Hinke Pettinga-Grovenstein

Willeke Philips

Gisela Schadenberg

Alie Scholten

Klaas Schoppert

Tine Sijtsma

Jannie Soepboer

Jelle Spits

Yneke Spits

Els Tempelmann

Fokje ten Berge-Knulst

Tekla Toussaint

Anneke Tulp

Krijn van Alten

Willy van de Wouw

Gerard van der Laan

Feike van der Leij

Wim van der Meer

Laura van der Ploeg

Anke van der Schaaf

Hinke  van der Schaaf

Roos van der Velde

Wouter van der Wal

Koas van der Wal

Bas van Reeuwijk

Gerard Veldman

Rigt Visbeek

Anita Vogel

Bea Walma

Renny Westerhof

Klaske Westra

Jelma Wiegersma

De IJsvorstin

Ynspiraasje

De IJsvorstin

Muzyk

Lústerje hjir nei fragminten fan muzyk út 'De IIsfoarstin'

De IJsvorstin

Freon

Wurd Freon en profitearje fan de IIsfoarstin-oanbieding!

De IJsvorstin

Arranzjeminten & tips

Arranzjeminten

4-seizoenendiner

Rûnom De IIsfoarstin kinne jo foar € 32,50 p.p. genietsje fan in fjouwer seizoenendiner. Foarôfgeand oan de strjitte-opera (uterlik om 18.30 oere oan tafel) wurde de earste trije tiden fan it jier serveard by Café-restaurant Thús yn it nije Fries Museum. Nei ôfrin stiet der yn it Theatercafé fan Stadsschouwburg De Harmonie in neigesetsje foar jo klear. 

Menu

Foargerjocht maitiid
skom fan griene earte of salade lamsham

Foargerjocht simmer
Gazpacho, ham mei meloen of bonbon rikke salm mei garnalen

Haadgerjocht hjerst
Bargeoester, jodenhaas, kabeljauw of griente/geitetsiisquiche
Servearre mei ierappelwedges en grientes

Neigesetsje winter
Winters neigesetsje mei iis en in kopke kofje of tee

Nazit _arrangementStrjitte-opera ‘de IIsfoarstin’ einiget bûten by Stadsschouwburg De Harmonie. Nei ôfrin kinne jo yn it Theatercafé genietsje fan in neisit-arrangement. Foar € 7,50 p.p. krije jo in gleske cava serveard plus fjouwer hapkes, passend by de fjouwer tiden fan it jier. 

Hotelarrangement

Ferskate hotels yn Ljouwert biede in arranzjemint oan om De IIsfoarstin. It arranzjemint befettet: in oernachting (o.b.f. keamer mei twa persoanen), in wolkomstdrankje, moarnsiten en in programmaboekje.

Jo kinne it arranzjemint rjochtstreeks boeke by de oangeande hotels. Is online boeke noch net mooglik, nim dan telefoanysk kontakt op.

Stenden University Hotel: € 37,50 p.p. www.stendenhotel.nl

Campanile Hotel Restaurant: € 39,00 p.p. www.campanile-leeuwarden.nl

Leeuwarder Eurohotel: € 47,50 p.p.www.eurohotel.nl

Oranje Hotel Leeuwarden: € 53,00 p.p. www.edenoranjehotel.nl

Grand Hotel Post-Plaza: € 69,50 p.p. www.post-plaza.nl

Tips

Fries _museumDe foarstelling begjint by it nije Fries Museum. De binnenkant fan dit museum is ek seker de muoite wurdich! Yn it Fries Museum, iepene yn septimber 2013, wurdt op in fernijende wize de eigensinnige Fryske kultuer en skiednis toand. Fan âlde boaiemskatten oant moderne keunst, fan de neilittenskip fan Mata Hari oant hjoeddeiske fotografy.

Coupe _ijsvorstinIIssalon MIN12 hat spesjaal IIsfoarstin-iis. It is makke fan rjemmige buffelmolke mei sulveren stjerren. De gelegenheidssmaak is yn alle festigings fan MIN12 te krijen, fan Harns oant Drachten en fan Flylân oant Snits.

Culturele _hoofdstadYn 2018 is Ljouwert Culturele Hoofdstad van Europa. It liket in fol jier te wurden wêryn't jo Fryslân en de haadstêd fierder ferkenne kinne. As jo jo oanmelde foar de digitale nijsbrief fan LWD2018 bliuwe jo op 'e hichte fan de projekten no en aanst.

Binne jo meardere dagen yn Ljouwert? Of ha jo de smaak te pakken en komme jo werom? Ûntdek dan noch folle mear keunst en kultuer yn de Fryske haadstêd. Jo fine it oanbod handich op datum en tiid op Uitkade. Foar mear frije tiid tips - eveneminten, winkels, útgean - kinne jo telâne op Living Leeuwarden. 

http://www.uitkade.nl

http://www.livingleeuwarden.nl/vrije-tijd/

De IJsvorstin

Praktyske ynfo

Klik hjirûnder foar ynformaasje oer entreeprizen, oanfang- en eintiid foarstelling, rûte en parkeare, adressen ensf.

De IJsvorstin

Partners

De IIsfoarstin wurdt mei mooglik makke troch:

De IJsvorstin

Kontakt

Hasto in fraach of wolst ús wat fertelle? Nim dan kontakt op troch ûndersteand formulier yn te foljen.